Geology
It Reaklif is in opfallend part fan de einmorene fan de iiskap út de Saale – iistiid. Dizze morene rint yn Nederlân fan Tessel nei Wieringen, via de Gaasterlanner kliffen oer Urk, Skoklân en Vollenhove nei it easten. It Reaklif riist oan’t 10 meter boppe N.A.P út, en is opboud út liem dat read fan kleur is. It hjoeddeistige Klif is mar in lyts part fan de âlde hichte. Oan’t de tiid dat de Afslútdyk oanlein waard, wie de súdkant ûnbegroeid en riisde as in read klif út see wei. Yn letter tiid is it klif mei stien en gersseadden bedutsen en oan de boppekant egalisearre.
Mite
De seldsume hichte fan it Klif en de reade kleur spriek wakker ta de ferbylding fan de minsken. Der waard sein dat it in âlde fulkaan wie dy’t yn oerâlde tiden fjoer spijd hie.Alde sagen sprekke fierder fan in fjoerdraak dy’t op dit stee op 24 juny fan it jier 4 út de ierde opriisd wie. Ek yn de jierren 155 en 207 soe it klif baarnd hawwe. Mei in soad offers oan de God Stavo en de ynset fan heldhaftige blussers soe it fjoer dwêst wêze. Noch altyd brekke neffens de folksmûle tongerbuien boppe it klif midstwa. Mooglik bewarje dizze ferhalen oantinkens oan it beakenbaarnen* fan ús foarâlden.
*Symboalyske fjoeren op heechtiden en yn grutten need
De Fryske Frijheid
Foar de Friezen en de oan har besibbe folken is politike en persoanlike frijheid ien fan de heechste wearden yn it libben. Yn de Midsieuwen kaam dizze frijheidsdrang ta útering yn in fûl ferset tsjin it feodale politike stelsel. As “politike ketters” moasten de Friezen hiel wat dwaan om harren eigenheid te bewarjen. De midsieuwske Friezen ûntwikkelen derta in frijheidsideology. Derneffens hoegden de Friezen bûten de keizer nimmen hearrich te wêzen. Hoewol ‘t dit “ideologysk skyld” al yn de midsieuwen oanfochten waard, is it oan’t 1498 ta respektearre. Yn de tiid fan de Republyk, mar ek yn it moderne Nederlân, wurke it Fryske frijheidsideaal troch.
De Slach
Yn de rin fan de Midsieuwen krigen de Friezen te meitsjen mei in lange rige oanfallen op harren autonomy, Alle “Sawn Fryske Seelannen” waarden oanfallen troch wrâldske en geastlike hearen dy’t harren rjochten jilde litte woene. Foaral de wolfeart fan de boerelannen lake harren oan. De fjildslach dy’t it meast ta de ferbylding sprekt is dy fan de jonge enerzjike greve Willem IV fan Hollân en Henegouwen mei syn ridderleger, tsjin de Friezen tusken Fly en Iems, op 26 septimber 1345. Willem IV hie grutte erfaring as Krúsridder yn Palestina en Prussen. De Hollânske stêdden stipen it avontuer. It ridderleger kaam mei skippen út West Fryslân wei nei de fjilden om Starum. It Fryske leger wist de opmars te kearen en in grut tal eallju, ek de greve selts, kamen om it libben. De Friezen fan dy dagen beskôgen Marije, de men[m fan Jezus, as harren harren himelske frouwe en bystân. Sa waard de 26e septimber ta de Fryske Leaffroudei. De oerwinning yn de Slach by Starum hie ta gefolch dat de Fryske autonomy noch 150 jier bestean soe. De ynfiering fan de Hollânske taal yn it bestjoer waard opkeard, wat wichtich west hat foar it bewarjen fan it Frysk yn dit part fan Fryslân.
De Betinking
Yn de rin fan de tweintichste ieuw sochten de Fryske bewegers nei in symboalysk plak om harren striid foar de gelykberjochtiging fan taal en kultuur te betinken. De kar gie tusken Aurich yn East-Fryslân, Helgolân en it Reaklif. U.o. Pater Titus Brandsma sette him wakker yn foar in Betinking op it Reaklif, mar it kaam der yn de tritiger jierren net fan. Yn de besettingstiid wie der in initiatyf it Klif ta betinkingsplak te meitsjen. Yn 1945 waarden de Frijheidstriden fan 1345 en 1945 mei elkoar ferbûn yn in betinking dêr’t in breed ferskaat oan Fryske organisaasjes oan meidie. Sûnt 1945 is it Klif it plak dêr’t Friezen harren ieuwenlange striid betinke, en in plak jouwe yn it ramt fan de ynset foar de rjochten fan minsken en folken rûnom yn de wrâld.