Stifting Slach by Warns

Yn de simmer fan 1945 is de krekt oprjochte Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat der nei de Dútske besetting in Fryske Bewegingsdei komme moat. It slagget de op 25 augustus 1951 oprjochte Stifting Slach by Warns om in frijkommend stik lân op it Klif te keapjen. Fan 13 augustus oant 9 oktober fan dat jier is it monumint dêr troch in groep frijwilligers boud.

Stifting Slach by Warns

Skriuwadres:
ynfo@slachbywarns.frl

t.a.f. S. Sieswerda (skriuwster)
Marswâl 5
8759 LR
Eksmoarre

Bankrek. nr.:
NL26 RABO 0132 9387 66

KVK nr.:
01086297

It bestjoer

B. Rummler: foarsitter & ponghâlder

S. Sieswerda: skriuwster

De missy fan de
Stifting Slach by Warns

Oant de Reformaasje hawwe de Friezen op 26 septimber -Leaffrouwedei – tankber feestlik betocht, dat hja yn 1345 net fan de Hollânske greve beset binne.

Yn de simmer fan 1945 is de krekt oprjochte Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat der nei de Dútske besetting in Fryske Bewegingsdei komme moat. It slagget de op 25 augustus 1951 oprjochte Stifting Slach by Warns om in frijkommend stik lân op it Klif te keapjen. Fan 13 augustus oant 9 oktober fan dat jier is it monumint dêr troch in groep frijwilligers boud. Yn de stiftingsakte is opnommen:

a. it stiftsjen en yn stân hâlden fan in monumint ta betinking fan de Slach by Warns 1345

b. en it organisearjen fan de jierlikse betinking fan de slach.
Ien en oar yn oerlis mei de Ried fan de Fryske Beweging of oare Fryske bewegings- organisaasjes.

De Stiftingsbestjoer besiket it doel – de missy – fan de betinking sûnt dy tiid elke kear in aktueel karakter te jaan troch;

1. Frysk- en net-Frysktalige ynwenners (fan Fryslân) de gelegenheid te bieden foar belibjen fan identiteit en mienskip.
De taalsituaasje yn Fryslân krijt hieltyd mear in heterogeen karakter.

2. en dêrom is der ek omtinken foar de demokratyske (minske)rjochten fan ‘e Fryske taalgroep.
Gjin efterstelling troch wet-en regeljouwing, mar lykweardichheid en lykberjochtiging fan de taal en kultuer yn ûnderwiis en iepenbiere romte.

Sa’n situaasje fan efterstelling jildt net allinne Fryslân. Rûnom op ‘e wrâld hawwe lytse folken en talen it dreech om romte foar en ûnderwiis yn de eigen taal en kultuer te realisearjen. It Europeeske ideaal fan ‘cultural diversity’ is goed, mar hat yn de Nederlânske ferhâldings bepaald gjin prioriteit. Sa slim as yn Tibet, dêr’t minsken martele wurde as hja opkomme foar eigen taal en kultuer, is hjir (gelokkich) net oan de oarder. Hjir meitsje gauris (skyn)arguminten opgong sa as it fatsoenlik wêzen foar oarstaligen oer, te djoer (krekt as soe it Nederlânsk neat kostje), te min tiid foar it Frysk yn it ûnderwiis. Dêrtroch kinne de measte minsken it Frysk net lêze en skriuwe en is de taal amper sichtber yn it strjitbyld en stappe ûnder sosjale druk Frysktaligen op in oare taal oer.

Klifgongers hâlde fan Fryslân. Friezen binne ek Nederlanner en hawwe gjin hekel oan it Hollânsk as taal. Mar behalven in tekoartsjittende aktive partisipaasje fan de Friezen sels is in probleem it ûntbrekken fan politike wil by de lanlike en provinsjale oerheden om de Fryske taal en kultuer as in kulturele rykdom te sjen. In betinking wol Frysk- en net-Frysktaligen bewust meitsje fan dy swakke posysje en ferfrjemding fan eigen kultuer oan de oarder stelle.

De ‘betinking’ draacht it karakter fan in bewegingsdei en freget dêrom respekt en aktive partisipaasje fan elts.
Of om it mei in útspraak fan Ghandi te sizzen: de finsters meie iepen, mar wy wolle net fuortblaasd wurde.

Kontakt opnimme

Wy binne op syk nei nije frijwilligers en bestjoersleden!

De ‘betinking’ draacht it karakter fan in bewegingsdei en freget dêrom aktive partisipaasje fan elts.

Brûk it kontaktformulier om mei ús yn kontakt te kommen.

Foar fragen / opmerkingen kinne jo ek kontakt mei ús opnimme.

Stifting Slach by Warns © 2024