De skiednis
It Fryske bûsboekje jout foar de 26ste septimber Leaffrouwedei / Europese taledei / Slach by Warns (1345) en ek noch Rosj Hasjanah / joadsk nijjier. Op in sneon it tichtste by dy 26ste wurdt op it Reaklif in jierlikse aktualisearre betinking holden nei oanlieding fan wat dêr barde yn 1345.
It Reaklif
It Reaklif is in opfallend part fan de einmorene fan de iiskap út de Saale – iistiid. Dizze morene rint yn Nederlân fan Tessel nei Wieringen, via de Gaasterlanner kliffen oer Urk, Skoklân en Vollenhove nei it easten. It Reaklif riist oan’t 10 meter boppe N.A.P út, en is opboud út liem dat read fan kleur is. It hjoeddeistige Klif is mar in lyts part fan de âlde hichte. Oan’t de tiid dat de Afslútdyk oanlein waard, wie de súdkant ûnbegroeid en riisde as in read klif út see wei. Yn letter tiid is it klif mei stien en gersseadden bedutsen en oan de boppekant egalisearre.
Mite
De seldsume hichte fan it Klif en de reade kleur spriek wakker ta de ferbylding fan de minsken. Der waard sein dat it in âlde fulkaan wie dy’t yn oerâlde tiden fjoer spuit hie. Alde sagen sprekke fierder fan in fjoerdraak dy’t op dit stee op 24 juny fan it jier 4 út de ierde opriisd wie. Ek yn de jierren 155 en 207 soe it klif baarnd hawwe. Mei in soad offers oan de God Stavo en de ynset fan heldhaftige blussers soe it fjoer dwêst wêze. Noch altyd brekke neffens de folksmûle tongerbuien boppe it klif midstwa. Mooglik bewarje dizze ferhalen oantinkens oan it beakenbaarnen* fan ús foarâlden.
* Symboalyske fjoeren op heechtiden en yn grutten need
De Fryske Frijheid
Foar de Friezen en de oan har besibbe folken is politike en persoanlike frijheid ien fan de heechste wearden yn it libben. Yn de Midsieuwen kaam dizze frijheidsdrang ta útering yn in fûl ferset tsjin it feodale politike stelsel. As “politike ketters” moasten de Friezen hiel wat dwaan om harren eigenheid te bewarjen. De midsieuwske Friezen ûntwikkelen derta in frijheidsideology. Derneffens hoegden de Friezen bûten de keizer nimmen hearrich te wêzen. Hoewol ‘t dit “ideologysk skyld” al yn de midsieuwen oanfochten waard, is it oan’t 1498 ta respektearre. Yn de tiid fan de Republyk, mar ek yn it moderne Nederlân, wurke it Fryske frijheidsideaal troch.
De Slach
Yn de rin fan de Midsieuwen krigen de Friezen te meitsjen mei in lange rige oanfallen op harren autonomy, Alle “Sawn Fryske Seelannen” waarden oanfallen troch wrâldske en geastlike hearen dy’t harren rjochten jilde litte woene. Foaral de wolfeart fan de boerelannen lake harren oan. De fjildslach dy’t it meast ta de ferbylding sprekt is dy fan de jonge enerzjike greve Willem IV fan Hollân en Henegouwen mei syn ridderleger, tsjin de Friezen tusken Fly en Iems, op 26 septimber 1345. Willem IV hie grutte erfaring as Krúsridder yn Palestina en Prussen. De Hollânske stêden stipen it avontuer. It ridderleger kaam mei skippen út West Fryslân wei nei de fjilden om Starum. It Fryske leger wist de opmars te kearen en in grut tal eallju, ek de greve sels, kamen om it libben. De Friezen fan dy dagen beskôgen Marije, de mem fan Jezus, as harren himelske frouwe en bystân. Sa waard de 26e septimber ta de Fryske Leaffroudei. De oerwinning yn de Slach by Starum hie ta gefolch dat de Fryske autonomy noch 150 jier bestean soe. De ynfiering fan de Hollânske taal yn it bestjoer waard opkeard, wat wichtich west hat foar it bewarjen fan it Frysk yn dit part fan Fryslân.
Betinking Slach by Warns 1345; de histoaryske eftergrûn
Ûnder de banier fan ús Leaffrouwe, de hillige Maria.
Nei de wûne Slach by Warns op 26 septimber 1345 (ek wol dy by Starum neamd) ha de Friezen hast 200 jier lang dy dei as in tankdei fierd ta eare fan Maria. Oan har wie de oerwinning op de Hollânske besetter te tankjen. Yn de Reformaasje komt der lykwols in ein oan dat gebrûk. It waard sjoen as in Roomsk feest. De katolike lânhear Karel V hie ek leaver dat de Leaffrouwedei net langer fierd waard. Fan in frij en selsstannich Fryslân moast er neat hawwe. Yn 1527 joech er opdracht de bonken fan de sneuvele mannen te begraven om sa de ‘memorie te breken’, sa’t historikus J.A. Mol fan de Fryske Akademy beskreaun hat yn syn bydrage Willem IV, de Hollands- Friese oorlog van 1344/1345 en de Friese kloosters.
Wienen de Friezen dan sa dwers?
Mol jout oan hoe’t de Friezen eastlik fan de Sudersee besocht ha yn de jierren 1344/-45 oan de ‘winsken’ fan greve Willem IV te foldwaan. Westergo hie al earder de Hollânske greve tasizzings dien. Sa hie Starum him al erkend as lânhear.
Yn it diplomatyk oerlis yn Medemblik fan Westergo en ek Oostergo mei fertsjintwurdigers fan de greve waard tasein
– him te huldigjen as ‘mogentheyt der Vriezen’,
– him it profyt te jaan fan in tal belestingopbringsten,
– him as greve ta te stean boargen yn Fryslân te bouwen en
– mei him op ‘heervaart’ (helpe yn de oarloch) te gean.
De Friezen kamen him lykwols net temjitte as er ek it rjocht opeasket om rjochters en amtners yn de gritenijen te beneamen. Mei oare wurden: de Friezen wienen bêst ree om frijwillich in tal ‘easken’ fan de greve te honorearjen, mar net fan doel harren frijheid alhiel op te jaan. Dêr gie greve Willem lykwols net akkoart mei. Hy woe mear sizzenskip.
Dochs ienriedich ferset?
Greve Willem lei beslach op kleasterbesit fan guon Fryske kleasters yn wat no Noard-Hollân hjit (op Marken, yn Monnickendam) om syn foarnommen tocht nei Fryslân mei betelje te kinnen. Dêrtroch waard net allinne Westergo, mar ek Oostergo yn it konflikt behelle. Dat kleasterbesit dêr hearde by it Fryske kleaster Mariëngaarde yn Oostergo (Rinsumageast). ‘Frisia’ wie eartiids nammentlik grutter as it hjoeddeistige Fryslân en Frysk kleasterbesit fuort boppe Amsterdam is dan ek net frjemd.
Foar de midsiuwske minsken stie sok hanneljen mei kleasterbesit gelyk oan agresje tsjin God en de hilligen oan wa ‘t dat besit skonken wie. Besittings fan geastliken foelen yn it kanonyk rjocht ûnder ymmuniteit foar safier’t de geastliken harren net mei it gefjocht bemuoiden.
De Hollânske greve gie dus wol hiel fier neffens Mol yn syn beskriuwings. Mar neffens him hat Willem IV ek foar in posityf effekt soarge, nammentlik der foar soarge dat der (wer) in mienskipsbesef ûntstie troch net allinne Westergo, mar ek Oostergo en de kleasters tsjin him yn it harnas te jeien. Dat mienskipsbesef út de tiid fan de krústochten waard neffens Mol sa omfoarme ta in algemien Westerlauwersk ienheidsbewustwêzen ûnder de banier fan Maria, ús Leaffrouwe.
Is sa’n situaasje fan doe gaadlik foar in betinking?
Tsjinstanners binne fan betinken dat soks net it gefal wêze kin. It soe mar anty- Hollânske gefoelens oproppe en in benypt Frysk nasjonalisme ynhâlde. Dochs hoecht soks net fansels en dat is ek net de bedoeling. In betinking kin in spegel wêze om dan te konstatearjen dat machtsútoefening ferkeard útpakke kin.
De Warnsbetinking is dus gjin deadebetinking. Likemin in manifestaasje fan grutskens op it ferslaan fan in fijân. It giet om it rjocht fan in mienskip op sizzenskip oer eigen saken ek as it gebiet ûnderdiel is fan in grutter gehiel. Troch globalisaasje lykwols wurdt dy taalmienskip hieltyd heterogener en dêrtroch lûke lytse (taal)groepen gauris oan it koartste ein.
Wat Fryslân oanbelanget in trijetal foarbylden sûnt dy tiid:
1. Om 1500 hinne ferliest Fryslân syn selsstannigens (de Saksers wurde hjir de baas) en ferdwynt ek it Frysk as skriftlike taal yn it iepenbiere libben.
2. Om 1800 hinne (yn de Frânske tiid ) wurdt de gewestlike autonomy út de tiid fan de Republyk troch in steatsgreep ôfskaft en it ‘Nederduitsch’ (letter ‘Nederlands’) op skoallen ferplichte. Mei klam skriuwt dûmny en skoalynspekteur H.W.C.A. Visser yn de Almenak voor het Lager Onderwijs fan 1816 om benammen yn de skoallen ‘het vriesch boersch niet te gedogen’, omdat de bern oars gjin goed Hollânsk leare sille.
3. As ûnder ynfloed fan de Fryske Beweging it Frysk neist it Hollânsk yn basisskoalle (1980) en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis (1993) ferplichte wurdt betsjut dat noch gjin folweardich plak op alle skoallen. De Ned. taal hâldt de prioriteit mei as gefolch dat it Frysk yn it mûnling en benammen skriftlik gebrûk yn eigen taalgebiet gjin fanselssprekkend plak hat. De Friezen sels stypje dat ferfrjemdingsproses fan eigen taal en kultuer mar al te maklik troch harren te ferbrekken wend as hja binne oan de dominânsje fan it Hollânsk.
As de Ried fan de Fryske Beweging yn 1945 nei de Dútske besetting it inisjatyf nimt foar it bouwen fan in monumint (1951) en it organisearjen fan in jierlikse betinking (“Tinkdei” sa as dat doe neamd waard) dan is dat histoarysk sjoen it omtinken freegjen foar it rjocht fan de Fryske mienskip op in folweardich plak yn in wer frij en demokratysk Nederlân. In rjocht dêr’t de Nederlânske oerheid eins noch altiten net fan witte wol nettsjinsteande alle ynternasjonale ôfspraken oer minskerjochten.
Historische geschriften
https://www.friesmuseum.nl/over-het-museum/nieuws/2022/slag-bij-stavoren
Bronnen
Antheun Janse, Grenzen aan de macht. De Friese oorlog van de graven van
Holland omstreeks 1400 (Hollandse Historische Reeks 19), Den Haag 1993, 54-57.
H. Bruch en Johannes de Beke, Croniken van den Stichte van Utrecht ende van
Holland. Den Haag 1982, 189-192.
Hertaling
Grytsje Klijnstra
Graaf Willem IV van Holland was een ridderlijk heer die niets liever deed dan reizen en vechten. Hij was voortdurend onderweg en zette alles op het spel om eer te verwerven in vreemde landen. Zijn nieuwste onderneming was een veldtocht naar het opstandige Friesland. Terwijl graaf Willem zijn voorbereidingen trof, poogden de Friezen met onderhandelingen een treffen te voorkomen.
Ze waren bereid Willem te huldigen en hem het huisgeld te betalen, evenals de inkomsten uit de bieraccijns, de tienden, de tollen en de visserijrechten. Ook wilden zij hem het recht verlenen om burchten te bouwen. Slechts het recht om zelf baljuwen, schouten en andere rechters te benoemen, behielden de Friezen voor zichzelf. Dat laatste vond de graaf onacceptabel, en dus bleef Willem bij zijn besluit om de Friezen de oorlog te verklaren. Op 26 september 1345 stak de graaf vanuit Enkhuizen over naar Friesland, met in zijn kielzog een luisterrijk ridderleger. Zijn heer Jan van Henegouwen kwam allereerst met vele schepen in Stavoren aan land, aan de zuidzijde van het Sint-Odulphusklooster, alwaar hij vlak bij zee tenten opzette. Een deel van de Hollanders trok zonder aarzeling landinwaarts en ging tegen hun vijand zo manmoedig tekeer dat zij de Friezen achterwaarts dreven. Zulke stoutmoedige Hollanders trokken Stavoren in, terwijl andere stoutmoedigen gewapend het Sint-Odulphusklooster bestormden. De Hollanders ontmoetten amper weerstand en vochten zich spoedig het klooster in. Het was aldus met meer goddelijke dan met menselijke kracht dat de Friezen de Hollanders van het klooster wisten te verdrijven, waarbij de Friezen hen wredelijk vervolgden en zonder genade doodsloegen.
De graaf van Holland, zich onbewust van dit ongelukkige voorval, voer ondertussen met zijn schepen aan de noordzijde van het eerder genoemde klooster. Hij ging daar met vijfhonderd gewapende mannen aan land als een onvervaard prins. Aldaar stak hij enkele huizen in brand en ging moedig tegen de vijand tekeer, waarbij hij in een schermutseling met de vijand persoonlijk een Friese edelman doodstak. Vervolgens trokken de Friezen met talrijke strijders tegen hem op, omsingelden de groep Hollanders en sloegen de graaf en vele anderen dood. Nog veel meer Hollanders verdronken in plaats van dat zij verslagen werden, terwijl ze vergeefs naar hun schepen probeerden te ontkomen. Ge ziet op welke manier de goddelijke macht de menselijke dingen beïnvloedt. Zelden waren in één schermutseling zoveel hoge edelen gesneuveld. In deze veldslag werden naast de graaf ruim vijfhonderd strijders gedood; niet alleen de vorst zelf, maar ook de vermaardste edellieden, onder wie de heren van Antoing, Ligne, Haamstede en Asperen. De tiende dag erna stak Marten, de commandeur van de johannieters te Haarlem, over naar Friesland, waar hij onder de dode lieden de edele graaf Willem herkende, naast acht andere vermaarde heren. Onder zijn toezicht werden hun lijken naar het klooster Bloemkamp overgebracht, alwaar ze werden bijgezet.