De betinking
“1345 is yn alle gefallen it jier wêryn ’t foar it earst sprake is fan ien mienskip foar it hiele gebiet dat wy no noch Fryslân neame.”
“1345 is in elk geval het jaar waarin voor het eerst sprake is van één gemeenschap voor het hele gebied dat wij nu nog Friesland noemen.”
J.A. Mol
De slach by Starum of “Slach by Warns” is fan 1345 ôf alle jierren betocht, oant de komst van Albrecht fan Saksen as hear fan Fryslân. Albrecht hie der fansels gjin belang by dat der sokke feesten ta eare fan de âlde Fryske frijheid bestean bleauwen.
Doe’t yn 1510 op “Leaffrouwe-dei” inkele Fryske sédyken trochbrieken, waard dat as in faai teken sjoen en de betinkingen yn Starum, dy’t ferbean west hiene, gongen fannijs troch.
Doe’t de Nederlannen har nei de Tachtigjierrige oarloch frij makken, is it betinken fan de Slach net wer ynfierd. Meidat de reformaasje hjir de oerhân krige hie, sil it as in “Roomsk feest” sjoen wêze dêr’t men gjin belang mear by hie.
It idee om de Slach fan 1345 op’e nij te fieren en der wer in Frysk-nasjionale tinkdei fan de meitsjen, kaam yn de jierren foar de twadde wrâldoarloch wer yn’e beneaming.
Yn’e hals ûnder de grutte stien binne fjouwer tinkstientsjes ynmitsele as teken fan ferbûnens mei oare Friezen. In stik bûnte sânstien fan it Fryske eilân Helgolân waard yn 1951 brocht. In stik hurd granyt waard troch in oantal Noardfriezen yn 1951 jûn. De hear G. R. Groustra hie in balstientsje út Sealterlân meinommen. Yn 1971 bea de prof. dr. Bernard Fridsma fan it “Frisian Information Bureau” yn Grand Rapids, de Stifiting in stientsje oan. Om’t it net ferantwurde ynmitsele wurde koe, is der in balstientsje foar yn it plak nommen mei de letters “F-USA”. Dy letters waarden deryn beitele, lykas de letters “HELG”, “S” en “NFRL” op de oaren troch de Ljouwerter byldzjende kunstner Chris Fokma.
By de betinking fan 1952 ha twa bern in leaden koker mei twa oarkonden yn it gat ûnder de grutte stien bymitsele. Al earder hiene de mannen fan it frijwilligers-boukamp djipper yn it fuotstik in flesse by mitsele mei har nammen.

De grutte stien fan it monumint opgroeven út it lân fan Jan Jelsma yn Lúkswâld. Foaroan yn it gat de oannimmer Gjerryt Roarde fan’e Tynje, dy’t de stien oan de Stifting skonken hat.

De spreuk “Leaver dea as slaef”, dy’t op de tinkstien op it Reade Klif stiet, is âld en giet op in tige âlde tradysje tebek, dy’t ek yn oare Fryske en earder Fryske gebieten bewarre bleaun is. De spreuk is yn de stien beitele troch de hear Djoerd Westra fan’e Westerein.

Om oan jild te kommen, binne der by it bouwen eigendomsbewizen ferkocht, dy’t rjocht joegen op in m2 grûn op it Klif.
De sin fan de Warns betinking


Yn de simmer fan 1945 skriuwt R.S. Roorda, lid fan de Propagandakommisje fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS), in brief oan it haadbestjoer en de krekt oprjochte Ried fan de Fryske Beweging mei as ynhâld, dat it op 26 septimber 1945 600 jier lyn is dat de Fryske frijheid bewarre bleaun is en dat wy doe net fan de Hollânsk greve ûnder fuotten rekke binne. Hy pleite foar in tinkstien op it Reaklif en soe graach sjen dat der in betinking kaam. Dy hie der neffens him wol wêze kinnen as wy de Dútske besetting fan 1940-45 net hân hienen.
De Frânske historicus Pierre Nora yntrodusearre it begryp ‘lieux de mémoire’ as plakken fan oantinken. Op dizze plakken lykje ferline en takomst mei-inoar yn kontakt te kommen. It is kontakt fan wjerskanten: it jout ynsjoch yn it omgean mei it ferline, mar ek ynsjoch yn de ynfloed dy’t it ferline noch hawwe kin op de dei fan hjoed.
It monumint op it Reaklif is sa’n ‘lieu de mémoire’ (plak fan oantinken), omdat dêr yn 1345 de oanfal fan de Hollânske greve ôfslein is. In oanfal mei as doel in besetting fan it Fryske gebiet east fan de Sudersee. Gjin freonskipsbesite dus, mar in agressive died mei fiergeande bedoelings. Earder wie yn 1282 it Fryske gebiet westlik fan de Sudersee troch Floris V ûnder de foet rûn en hearrich makke.
No hoege ‘lieux de mémoire’ neffens Nora net needsaaklik fysike plakken te wêzen. It kinne betinkingsdagen (26 septimber 1345 Leaffrouwedei) wêze, mar ek symboalen (flagge), persoanen (Grutte Pier) of ek lieten foar it oproppen fan in spesifyk histoarysk barren. Sa hat elk lân sokke persoanen as Jeanne ‘d Arc of Aletta Jacobs; of in Geuzenliet ‘Merck toch hoe sterck ‘út 1626 en fêste data sa as 4 en 5 maaie (nei WO II). Yn Frankryk is de datum 14 july in feestdei. Oant de komst fan Albrecht fan Saksen as hear fan Fryslân yn 1498 en letter Karel V is de Slach as Leaffrouwedei betocht.
No leit in betinking fan in wichtich barren út 1345 net foar de hân. Der binne gjin minsken mear dy’t it noch meimakke hawwe. Op himsels seit dat lykwols neat, want meikoarten binne der ek gjin minsken mear dy’t WO II meimakke hawwe.
Yn de 19e iuw wurdt ôfweefd mei gewestlike autonomy. It rjocht fan kultureel ferskaat (en ek it brûken fan it Frysk) wurdt ôfwiisd yn it stribjen nei in ienheidssteat. Under ynfloed fan de opkommende Romantyk (in kultuerbeweging, dy’t werom griep op ferline, natuer en gefoel) krijt in latint bewustwêzen fan eigenheid dochs wer in kâns. It is in begjin fan in Fryske beweging as reaksje op de Frânske Revolúsje en ‘Ferljochting’ mei syn nasjonalistyske steatsfoarming. Eins is it in protest dus tsjin it ferdwinen fan gewestlike autonomy en tsjin it útgongspunt fan “ien lân, ien folk, ien taal”!
De Warnsbetinking is nei de twadde wrâldoarloch ’40-45 fuortkommen út dy Fryske beweging, dy’t opkomt foar it rjocht op in eigen identiteit. In identiteit, dy’t útgiet fan in plurifoarme ienheid mei respekt foar it kultureel ferskaat as in kulturele rykdom. Dat tinken past ek better by ‘Europa’ (cultural diversity) as by de Nederlanske oerheid. De Haach tinkt noch ‘Hollânsk’ en wol allinne bûtenlanners yn ‘e mjitte komme mei it Ingelsk of in migrantetaal. Mar Friezen binne Nederlanners en gjin migranten en as it brûken fan it Frysk yn de iepenbiere romte ferbean of tsjingien wurdt is dat in foarbyld fan ûnderdrukking.
As gefolch dêrfan hat it Frysktalich-wêzen it skaaimerk krigen fan ‘minderweardichheid’ en krijt de taal net of amper de kâns yn Fryslân as earste taal yn ûnderwiis en iepenbiere libben te funksjonearjen. Hoewol’t de Friezen fan har taal hâlde, ferbrekke guon harren daliks ek as dat net nedich is.
De kommende betinking fynt plak op:
sneon 28 septimber 2024
Skarl, 8721 EX Warns
De sin fan ‘betinke’ is op ‘e nij neitinke oer wa’t wy binne en hoe’t wy wêze wolle. It freget neitinken oer ús plak yn de maatskippij en dat ek ûnder wurden bringe kinne. It dielde oantinken oan doe – jins skiednis – foarmet mei de basis fan mienskipsfoarming en dêrmei fan ferantwurde moreel hanneljen binnen dy mienskip, sa seit Peter Nissen yn syn bydrage De zin van herinneren – Soeterbeeck Programma.
De sin fan de Warnsbetinking is dus net it fieren fan de oerwinning yn 1345. It giet om de ferbining fan it ferline mei it no en de takomst. In oanfal op jins grûngebiet is in oanlieding om nei te tinken oer it plak en de posysje fan dy (taal)mienskip yn de hjoeddeiske realiteit. It is net oars as mei de lanlike betinking op 5 maaie: Wat betsjut frijheid nei oanlieding fan de Dútske besetting yn de jierren ’40-’45? In Frysk nasjonale betinking is dan ek net stridich mei de Nederlânske steat, omdat de Fryske mienskip mei diel útmakket fan dy plurifoarme steat.
Yn 2005 hat it ryksregear it Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden fan tapassing ferklearre op de Friezen. Frysktaligen binne folweardige Nederlanners en harren taal is de 2e rykstaal. Kêst 1 fan dat Ramtferdrach jout dan ek oan, dat beskerming fan nasjonale minderheden in wêzentlik ûnderdiel foarmet fan de ynternasjonale beskerming fan de rjochten fan de minske. Soks hat (morele) konsekwinsjes foar belied en de opstelling fan de Hollânsktalige mearderheid. De Warnsbetinking oantsjutte as ‘onvaderlandslievend of ‘anti-Nederlands` is in beheinde steatsnasjonalistyske utering fan de mearderheid, dy’t himsels de macht taskikt om oaren de eigen taal/kultuer op te lizzen.
Nettsjinsteande de moaie wurden yn bygelyks Kaderverdrag en de Wet gebruik Friese taal (2013) oer it garandearjen fan de likense rjochten fan de Frysktaligen – jout de praktyk noch altyd in oar byld te sjen.
Op de Warnsbetinking kinne dy ûngelikense machtsferhâldings yn in demokratysk ljocht oan de oarder steld wurde. Minsken, mienskippen hearre op grûn fan lykweardichheid mei-inoar te libjen en dat betsjut ek ferantwurdlikheid foar inoar. Oer dy ferantwurdlikheid en solidariteit yn belied en praktyk wurde te faak moaie wurden sprutsen en meastentiids net omset yn dieden. Soks legitimearret it hâlden fan de Warnsbetinking.

