De 76ste betinking is op sneon 23 septimber 2023, 13:45 oere en fynt plak op it Reaklif. It téma fan dit jier is: De frije sûne Fries.
Antropologe en historika Anne-Goaitske Breteler út Peasens-Moddergat sil sprekke oer de betsjutting fan de Fryske identiteit en de wize wêrop dizze Friezen sûn en fearkrêftich makket en hâldt, of just ek net.
Amateur-archeolooch Robbert Velt út Wergea sil in petear hâlde oer syn fynsten en wat se fertelle oer de yndividuele frijheit yn it midsieuske Fryslân. Bern sille yn it ramt dêrfan harren útlibje kinne mei in archeologyske aktiviteit by it klif.
Sjonger-sankje-skriuwer Marcel Smit (ferskate Fryske top 100 hits) sil optrede mei syn ferskes.
Bij it hisen en striken fan de flagge sil in hoarnsignaal fan kornettist Eef Bruinsma (fan fanfare De Lytse Súdwesthoeke) te hearren wêze.
Neiprate kin nei ôfrin fan de betinking yn de tinte op it klif.
Fierder soe it prachtich wêze as guon har melde sille om mei te helpen oan takomstige betinkingen as bestjoerslid of frijwilliger.
Wy hoopje jim dan te sjen!