Chris van Hes

De Warnsbetinking, sa hyt no de Betinking fan de slach by Warns, hie dizze kear in jonge sprekker fan 23 jier, Chris van Hes. Hij is skoalmaster yn Terkaple, sit yn de gemeanterie fan De Fryske Marren en is foarsitter fan de yn 1915, troch Douwe Kalma oprjochte, Jongfryske Mienskip.Yn syn “Klifrede” sei er dat der wat gebeure moat “As wy net as Friezen opkomme foar us eigen,wa docht it dan?”

Persoan op foto: Chris van Hes

Hij sei under oaren dat de Friezen tefolle relatifeare en as de generaasje fan no net wat docht dat it dan foar de kommende generaasje wol es te let wêze kin.De harkers dy’t nei ôfrin mei nei de Spylder giene, dat wie mar in lyts part fan de goed hundert minsken die op It Klif wienen, fûnen blykber dat der gelyk wat mei dien wurde moast. Yn de Spylder is in aksjekomitee oprjochte dy’t by ferskate oangelegenheden, wer as it Frysk en de Fryske kultuur faai komt te stean, harren openearje sille en mei spandoeken en al sjen litte sille dat de Friezen opkomme foar harren kultuur.Foarsitter Tom Dijkstra fan de Stifting Slach by Warns koe ferskate namme opskriuwe dy klear binne om yn aksje te kommen. Sjogge we de Fryske flaggen op de barrikaden it kommende jier?