Op 27 septimber is de betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif. It programma is sa goed as klear en hat as tema: “Frysk Ferbynt”.
13.45 oere – oanfang
Sprekker Hâns Dyk (foarsitter Frysk Boun om utens) út Bodegraven praat oer eigen skiednis, kriten en harren funksje, skaalfergrutting en Fryslân / Frysk.
Lysbeth Jongbloed (meiwurkster Fryske Akademy) út Nijbeets hâldt in petear oer: Hoe brûkt de Fryske jongerein it Frysk yn de sosjale media, kânsen en bedrigings.
Foardrager Albert Postma draacht in gedicht foar fan Atze Bosch.
Optreden fan sjonger Bruno Rummler (winner LIET 2014)
Optreden fan it Kritekoar út Lelystêd.
It korps De Lytse Súdwesthoeke spilet 3 lieten en eltsenien sjongt mei.
Fansels is der ek wer de Klifkuier û.l.f. Lolke Huitema. Opjaan graach by Tsjitske Meesters, tel: 0515-569813.
Nei it slotwurd, it striken fan de flagge en it lêste hoarnsinjaal is der in neipetear yn De Spylder yn Warns.