Op sneon 28 septimber 2013 sil wer de Betinking plakfine op it Reaklif.
It tema is dizze kear: Gean Foar It Frysk!.
Der sil sprutsen wurde troch Prof.Dr. R. Salverda, direkteur, bestjoerder Fryske Akademy en Dr. G. Benedictus, foarsitter Ried Fryske Beweging.
Fierder is der in optreden fan sjonger Gerrit Breteler mei begelieding fan Clara Rullmann, piano.
Doutsen van Goslinga en Baukelien Westra drage gedichten foar.
Korps De Lytse Súdwesthoeke soarget foar de muzikale omlisting.
Fansels sil ek wer de Klifkuier plakfine.
Dielnimmers hjir oan kinne har opjaan by Tsjitske Meesters, 0515-569813.
De komplete “liturgy” fan de Betinking sil op it Reaklif útdield wurde.
Nei ôfrin fan de Betinking is der in neipetear yn De Spylder yn Warns.
Wy hoopje fansels dat in protte minsken it paad nei de Stien wer fine sille.