Tema: Romte foar de Omrop.
Omrop Fryslân komt yn swier waar. It is in nasjonale en gjin regionale stjoerder, mar Den Haach smyt dwerse kneppels. Jan Koster, algemien direkteur fan de Omrop sil op It Klif syn sechje dwaan en Jaap van der Bij, fan de Ried fan de Fryske Beweging, sil dat stânpunt fierder fersterkje.
Hy sil útlizze wat it belang fan in goede stjoerder, Omrop Fryslân, is foar de Fryske taalmienskip.
Fierder is der û.o. muzyk fan Grytsje Kingma, in bernekoar út Warkum en it korps fan de Lytse Súdwesthoeke.
De “liturgy” is al fier wei hinne klear en fansels is eltsenien tige wolkom op It Klif fan 13:45 ôf.
Foar wa ’t op in sportive wize nei de Betinking wol, kin meidwaan oan de Klifkuier.
In prachtige kuier fan 14 km oer de seedyk fan Hylpen nei it Reaklif.
Underweis kinne jo genietsje fan prachtige fiersichten oer see en lân.
De start is om 9.45 oere by stasjon Hylpen (nei ’t de trein út Snits oankomt).
Yn Starum wurdt skoft holden, dêrnei giet de tocht nei it Reaklif, dêr ’t se likernôch om healwei twaën oankomme.
It ferfier werom wurdt regele. Kosten: fergees.
Foar opjefte en ynfo: till: 0515-569813