It wie in moaie betinking. De sinne stie heech oan ‘e himel. De trije sprekkers koene harren ferhaal goed kwyt, it korps spile alderaardichst en it wie in lust om te harkjen nei de muzyk fan SULT.
Foarsitter Roel Falkena kundige oan dat dit syn lêste kear wie as foarsitter fan de Stifting.
Hoe ’t dit fierder moat, sil it bestjoer him oer bûgje.
Jan Romkes van der Wal hat moaie foto’s makke, dy ’t op de website te sjen binne.
Ek siet der in moai stik yn de nijsbrief fan de Rie fan de Fryske Beweging.