De 66e Betinking fan de Slach by Warns is dit jier op 24 septimber om 13.45 oere op it Reaklif.
It is ek de earste betinking yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
Yn it ramt fan de betinking fan “60 jier Kneppelfreed” wurdt der omtinken jûn oan de posysje fan minderheidstalen.
By de betinking sil sjoen wurde nei it plak fan it Frysk by gemeentelike weryndielings.
Op it Klif sil hjir oer praat wurde troch 3 sprekkers: dhr. Gerben Gerbrandy, âld-wethâlder fan Wymbritseradiel, drs.Hayo Apotheker, wnd. boargemaster fan de nije gemeente en drs. Jannewietske de Vries, deputearre fan de provinsje Fryslân.
Tusken de sprekkers troch wurdt songen: Wy, wy litte ús taal net farre.
Fierder de fêste ûnderdielen lykas: it wolkomstwurd fan ús foarsitter, it hoarnsinjaal, hisen en striken fan de flagge.
It korps “De Lytse Súdwesthoeke” sil ek fan har hearre litte.
Troch SULT sil in lyts konsert jûn wurde út it iepenloftspul Redbad. Regisseur Pieter Stellingwerf sil it ien en oar taljochtsje
Nei ôfrin fan de betinking wurde jimme útnoege foar it neipetear yn De Spylder yn Warns.
De trije sprekkers binne dêr dan ek.
Foarôfgeand oan de betinking sille sa’n 20 studinten fan û.o. Bernlef in 6-kamp útfiere op it terrein achter de Stien.
De Klifkuier stiet wer û.l.f. Lolke Huitema en start om 09.45 oere by stasjon Hylpen.
Foar de weromreis wurdt soarge. Ynfo/opjefte: 0515-569813.
Fansels is eltsenien tige wolkom. Oant sjen op it Klif!