It rjocht hat sprutsen.
De buorman moat syn hiemskieding op it Reaklif ferpleatse.
Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert op 18 novimber 2010 beslist.
Buorman hie sûnder oerlis him in stik grûn fan mear as in pear hûndert kante meter fan de Stifting taeigene.
Hy hâlde út dat de hiemskieding altyd al op dit plak stien hie.
Mar de rjochter fûn dat de Stifting genôch bewizen hie dat it stek wol degelik ferpleatst wie.
De man moat binnen trije moannen it stek – op eigen kosten – werompleatse nei it oarspronkelike plak.
Docht er dit net, dan wachtet him in twangsom fan hûndert euro’s deis.