It is Thomas Dijkstra mei help fan Tresoar slagge om út de argiven in útstalling gear te stallen oer 65 jier betinking fan de Slach by Warns. Dizze útstalling sil op de dei sels (25 septimber) te besjen wêze yn de Spylder fan 11.00 oant 13.30 oere en nei ôfrin fan de betinking. De útstalling bestiet út 3 dielen; it begjin, it monumint, nei it monumint.

Te sjen binne û.o. nuveraardige foto’s, keapaktes fan ‘e grûn en mear singelier materiaal.