Op sneon 25 septimber o.s. sil der wer in Klifkuier wêze ûnder lieding fan Lolke Huitema.

De tocht is 14 km. lang oer de seediken. Jo kinne genietsje fan prachtige fiersichten oer de Iselmar en it lânskip achter de dyk.

De start is by stasjon Hylpen om 9.45 oere (wy wachtsje de trein út Snits ôf).

Om 12.00 oere wurdt der skoft hâlden yn Starum. Om 13.00 oere wurdt der fierder rûn nei it Reaklif, dêr ’t om 13.45 oere de betinking fan de Slach by Warns begjint.

Nei ôfrin fan de betinking is der ferfier nei Starum. Meirinne is fergees.

Foar ynfo en opjefte: 0515-569813